Twa Fryske skilders nominearre

21 des 2004 - 12:00

De skildersbedriuwen Van der Woude út Aldeboarn en Baantje út Alde Leije binne nominearre foar de 'nasjonale skilderspriis 2005'. Sy stride om de kampioenstitel yn de kategory Undernimmers sûnder wurknimmers.

Mei-elkoar 14.000 bedriuwen út it hiele lân krigen de kâns om mei te dwaan. Nei fjouwer foarrondes bleaune twa Fryske bedriuwen oer. De winner wurdt op 15 maart bekend makke. De sjuery sil noch by de bedriuwen lâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)