Iduna makket skea rapstriid op

© Omrop Fryslân
Poppoadium Iduna yn Drachten makket de skea op dy't de Amsterdamske rapgroep Rijmkanibalen yn in grutte fjochtpartij feroarsake hat. Twa wike lyn rûn it saneamde freestylen tusken de Amster- dammers en in Grinzer hiphop-groep fol- slein út de hân. Der waard mei brutsen bier- en wodkaflessen op inoar ynslein.
It freestylen is it ymprovisearjen fan rapteksten. Faak wurdt dêr flink by skolden. It publyk fûn de Grinzers better en dat koene de A'dammers net ha.