Soargen oer karriêre Thomas

21 des 2004 - 10:37

Annemarie Thomas hat har moandei ôfmelden foar de NK sprint fan nije wike yn Grins. De âld-wrâldkampioene op de 1000 en 1500 meter hat noch hieltiten slimme rêchklachten. Fanwege itselde probleem moast se ek al worldcupwedstriden sjitte litte.

Saakwaarnimmer Alleblas fan Thomas seit dat er him 'soargen' makket oer de karriêre fan Thomas. Neffens him docht Annemarie der alles oan om wer gau better te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)