Stoarm spielt seehûnen fuort

21 des 2004 - 09:54

Minsken dy't op Flylân en Skylge sitte, moatte net te ticht yn de buert fan oanspielde baby-seehûntsjes komme. Dat seit Lenie 't Hart út Pieterburen. As minsken te ticht by komme, komme de memmen net werom en bliuwe de lytskes allinnich oer. De seehûnekresj hat al tsien baby- seehûntsjes opfongen.

De memmen befalle op sânplaat De Richel tusken Skylge en Flylân. In stoarm hat it wykein sa'n 30 lytskes mei har mem fan de plaat ôfspield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)