Hearrenfean ferliest fan NEC

20 des 2004 - 17:04

SC Hearrenfean hat sneintemiddei yn Nijmegen mei 3-2 ferlern fan NEC. Grutte man by NEC wie âld-Hearrenfean- spiler Romano Denneboom. Hy skoarde twa kear en feroarsake ek in strafskop, dêr't Rob Wielaert gebrûk fan makke.

Hestad en Väyrinen makken de doelpunten foar SC Hearrenfean. Der wiene giele kaarten foar Radomski en Rzasa fan Hearrenfean en Nalbantoglu fan NEC. NEC hat in nije trener yn de persoan fan Cees Lok. Hy folget Johan Neeskens op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)