Ferwûnen by slim ûngemak

© Omrop Fryslân
It ferkear tusken Marrum en Ferwert is moandei in skoft omlaat fanwege in slim ûngemak. Dêrby rekke in hûntsje dea. Twa Marrumers stiene op it fytspaad te praten doe't in autobestjoerster net goed waard en beide manlju oanried.
De auto bedarre yn de feart en de bestjoerster kaam der goed foarwei. De beide Marrumers rekken ferwûne en binne mei in ambulânse en in traumahelikopter nei it sikehûs brocht.