Gjin kealleprizen op feemerk

20 des 2004 - 14:40

De Ljouwerter feemerk bringt foarearst de priisnotearingen foar keallen net mear nei bûten. Ynstee dêrfan wurdt allinnich sein oft de hannel goed of min wie en oft de prizen leger, heger of gelykbleaun binne.

Keallen wurde sammele op 2 feemerken yn Nederlân en op 40 oare sammelplakken. Op de feemerk fan Ljouwert wurdt de priis fan de keallen fêststeld. De ynkeapers op de oare sammelplakken geane dan boppe dy priis sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)