Rintsje Ritsma lilk by NK

© Omrop Fryslân
Elkenien wol dat Rintsje Ritsma ophâldt mei syn reedrydkarriêre. Alteast, dat gefoel hat er sels. De TVM-rider wie snein lilk om't him meardere kearen frege waard oft er wol trochgean woe. Ritsma docht by it NK allround op It Hearrenfean net mei foar de haadprizen en sil him ek net pleatse foar it EK.
Ritsma waard snein trettjinde op de 1500 meter. Van der Rijst waard op dy ôfstân earste, Tuitert twadde, Uytdehaage tredde en Kramer fjirde.