Cramer net nei EK allround

20 des 2004 - 10:50

Wieteke Cramer mei yn jannewaris net meidwaan oan de Europeeske kampioenskippen allround. Se waard snein sechde yn it einklassemint fan it NK yn Thialf. Op de 1500 meter waard se alfde yn in tiid fan 2.02,51. Dy ôfstân waard wûn troch Ireen Wúst yn 1.59,07.

Moniek Kleinsman waard Nederlânsk kampioene. Sy wûn snein ek de 5 kilometer yn in tiid fan 7.08,81. Wieteke Cramer waard njoggende op dy ôfstân. Har tiid wie 7.27,76.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)