Brân by makelaarskantoar Burgum

20 des 2004 - 10:08

In koarte brân hat sneintemiddei foar tûzenen euro's skea oanrjochte by in makelaarskantoar oan de Navisleane yn Burgum. De brân ûntstie oan it begjin fan de middei op de boppeferdjipping fan it gebou.

It gong om in middelgrutte brân. De brânwacht fan Burgum hie it fjoer frij gau ûnder kontrôle. It is net dúdlik wat de oarsaak fan de brân west hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)