Ferwerter klokken wer yn gebrûk

© Omrop Fryslân
Nei twa jier fan stilte binne de Ferwerter klokken wer te hearren. De trije klokken binne nei in flinke restauraasjebeurt yn Brabân en Dútslân offisjeel yn gebrûk naam. It jild dêrfoar is foar in grut part troch de mienskip opbrocht.
De Ferwerters mochten de toer dêrom sneon ek beklimme om de klokken mei eigen eagen te sjen. It klokkefeest soe eins ferline wike wêze, mar is ferset fanwege de bysetting fan prins Bernhard.