Aris wint fan Omniworld

19 des 2004 - 16:15

De basketballers fan Aris út Ljouwert spilen sneontejûn in útwedstriid tsjin Omniworld út Almere. De manlju fan trener Tom Simpson wûnen dy wedstriid mei 78-88. Aris stiet nei dit resultaat op it fyfde plak yn de ranglist fan de earedivyzje.

De basketballers fan Den Helder steane op it earste plak. Aris komt 8 jannewaris wer yn aksje, dan thús tsjin Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)