NK: Wieteke Cramer wint de 500

19 des 2004 - 14:45

Wieteke Cramer is sneon goed begûn oan it NK allround op it Hearrenfean. Cramer wûn de 500 meter yn 39'89". Ireen Wüst waard twadde yn 39'94", Moniek Kleinsman tredde yn 40'41" en Frédérique Ankoné fjirde yn 40'53". Titelfavoryt Renate Groenewold waard fyfde yn 40'62".

By de manlju waard Rintje Ritsma sechde op de 500 meter yn 37'26". Winner by de manlju waard Mark Tuitert yn 35'98". Sven Kramer waard fjirde yn 37'02".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)