Thúsbringservice nei 89 doarpen

© Omrop Fryslân
De bewenners fan 89 lytse doarpen yn it noarden en súdwesten fan Fryslân kinne fan takommend jier ôf dochs nei seis oere jûns mei de bus thúskomme. De provinsje en busferfierder Noordned wolle dit mooglik meitsje mei de saneamde thúsbringservice.
De service komt der op del dat de reizger foar it strippetaryf én in taslach fan 4 euro nei syn of har doarp brocht wurdt. Noordned tidiget op 40 klanten deis foar de service.