Hortinsjes stellen yn Damwâld

19 des 2004 - 13:15

By in tal ynwenners fan Damwâld binne yn de nacht fan moandei op tiisdei tsientallen hortinsjes út de tún stellen. Dat barde dizze wike ek al yn de Drintse doarpen Witteveen en Ruinen.

De dieven snije de knoppen fan de hortinsjes ôf om dêr ferfolgens stekjes fan te meitsjen. Gefolch fan de stellerij is dat de hortinsjes dit jier net bloeie. De plysje advisearret de minsken dy't bestellen binne om oanjefte te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)