Arend Glas 24ste yn Itaalje

© Omrop Fryslân
De Fryske twamansbob fan Arend Glas en Sybren Jansma die sneon yn it Italjaanske Cortina d'Ampezzo net mei om de earste plakken. Glas en Jansma waarden by de earste run fan 'e Wrâldbekerwedstriid 24ste.
Yn it klassemint fan 'e Wrâldbeker steane Glas en Jansma no tolfde mei 136 punten. It Switserske duo Annen en Grand giet oan de lieding fan it klassemint mei 340 punten.