Futsal: Hearrenfean ferliest wer

© Omrop Fryslân
It slagget de sealfuotballers fan Hearrenfean mar net om te winnen. Freed waard thús mei 6-3 fan Hilversum ferlern. Hilversum spile net bêst, mar de mannen fan coach Erik Dekker koene dêr net fan profitearje. Hearrenfean stiet no stiif ûnderoan.
In divyzje leger giet it net folle better mei Avanti. De Stienzers ferlearen freed út mei 6-5 fan Urk. Ek Avanti hat driuwend punten nedich om degradaasje te ûntrinnen.