14 oeren foar Alvestêdetocht?

© Omrop Fryslân
In foarstel om alle toerriders 14 oeren de tiid te jaan om de Alvestêdetocht út te riden, is fersmiten mei mar sân stimmen foar. Dat barde freed op de ledefergadering yn Ljouwert. It bestjoer hie it op 'e aginda set om't der earder al faak oer praat wie.
No is it sa dat minsken dy't betiid starte mear tiid ha as minsken dy't letter starte. Tsjin it foarstel om elk 14 oeren de tiid te jaan, wiene in soad beswieren.