Medysk ûnderwiis yn MCL

© Omrop Fryslân
In part fan it medysk universitêr ûnderwiis fan it AZG yn Grins kin fan 2007 ôf ek yn Ljouwert folge wurde. De praktyk, de ko-skappen, wurdt al sûnt 1996 oanbean op it MCL. Dêr komt aansen in diel fan it teoretysk ûnderwiis by.
Dizze formule, it teaching hospital, wurdt yn mear sikehuzen tapast. Der is in tekoart oan spesjalisten en der moatte dus in soad nije artsen oplaat wurde. De universitêre medyske sintra kinne dat sels net oan.