Harns rekket dûane kwyt

18 des 2004 - 10:01

Nei mear as fjouwerhûndert jier ferliest de stêd Harns syn dûanepost. Troch besunigings slút de dûane it kantoar oan de Suderhaven yn de stêd. De meiwurkers ferhúzje freed nei it kantoar yn Ljouwert, dêr't se fan moandei ôf wurkje sille.

De bemanning fan it patrûljeskip Stormmeeuw bliuwt wol út Harns wei farren foar ynspeksjes op it Waad en de Noardsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)