Nynke drok mei nijjiersresepsjes
Nynke Laverman, de Fryske fadista, hat foar it begjin fan it nije jier alfêst in folle aginda. De sjongeres treedt op op twa gemeentlike nijjiersresepsjes, dy fan Grins en dy fan Ljouwert.
Laverman hâldt in teatertoer mei it programma Sielesâlt; Portugeeske fadomuzyk mei Fryske teksten. It programma slacht oan, en de optredens op de resepsjes binne dêr in gefolch fan. De resepsjes binne frij tagonklik, mar it tal kaarten is beheind.