Dochs kryststâl Broeretsjerke

© Omrop Fryslân
Der komt dit jier dochs noch in libjende kryststâl yn de Broeretsjerke yn Boalsert. De stifting Vrienden van de Broerekerk hie besletten dat de stâl dit jier net trochgean soe, om't hja spul hat mei it gemeentebestjoer.
De miljeuwurkgroep Boalsert hat him ynset om de kryststâl dochs trochgean te litten. Yn oerlis mei foarsitter Haanstra fan de stifting is besletten de kryststâl nije wike dochs yn te rjochtsjen yn de ruïnes fan de tsjerke.