Dick de Boer nei seizoen fuort

© Omrop Fryslân
It kontrakt fan trainer Dick de Boer fan fuotbalklup Cambuur wurdt oan de ein fan dit seizoen net ferlinge. Ien fan de redenen foar it beslút it kontrakt net te ferlingen is it feit dat Cambuur folle minder punten hellet as yn 't foar ferwachte waard.
De Boer wurket sûnt de simmer fan 2003 by Cambuur. Nije wike wurdt besjoen oft Dick de Boer it seizoen by de Ljouwerters ôfmeitsje mei.