Grutte fúzje yn de soarch

© Omrop Fryslân
Tusken de thússoarchorganisaasjes De Friese Wouden yn Drachten, zorgkwadrant Fryslân Oost yn Burgum en Zorggroep Friesland op It Hearrenfean komt in bestjoerlike fúzje. Dêrtroch ûntstiet in ynstelling mei wol 4000 meiwurkers.
De trije organisaasjes hawwe no al sawat itselde wurkgebiet. De direksjes binne fan betinken dat in fúzje grutte foardielen opsmite sil, likegoed foar it personiel as ek foar de kliïnten.