Sertifikaat 2-talige berneopfang

© Omrop Fryslân
Yn it jier 2007 moatte der fyftich bernedeiferbliuwen en pjutteboarters- plakken wêze dêr't sawol Hollânsk as Frysk praat wurdt. Dat is it doel dat de provinsje en de stifting Partoer harsels oplein hawwe. It liket derop dat dy doelstelling helle wurde sil.
Oant no ta binne der 28 opfangplakken foar bern dêr't dy twataligens troch- fierd is. Bernesintrum Bernestate yn Ljouwert krige tongersdei as earste it sertifikaat Twatalich Bernedeiferbliuw.