Oerdracht apparatuer útsteld

16 des 2004 - 15:56

De oerdracht fan medyske apparatuer dy't de fleanbasis Ljouwert freed krije soe fan soarchfersekerder de Friesland, giet net troch fanwege it waar. De fleanbasis soe freed op Flylân twa hertmonitors en trije brancardsystemen krije. Dy binne bedoeld foar de soarchferliening op de waadeilannen.

Mei de nije apparatuer is it mooglik om pasjinten út ambulânses wei gau oer te bringen yn helikopters. De feestlike oerlanging is no takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)