Nije foarsitter NLTO-Fryslân
Geart Kooistra wurdt de nije foarsitter fan NLTO Fryslân. Op 1 jannewaris folget er Hepke Bijma op. Kooistra is 48 jier en is molkfeehâlder yn Ie. Hy is no foarsitter fan de NLTO-ôfdieling Dongeradiel.
De NLTO hjit yngeande 1 jannewaris LTO Noord fanwege de fúzje mei oare lânbou- organisaasjes.