Bijman oerlibbet moasje

16 des 2004 - 11:19

In moasje fan wantrouwen oer it tong- blierfûns hat deputearre Bijman woans- dei hast de kop koste. De folsleine opposysje tsjinne de moasje yn om't se fine dat Bijman de boeren yn it troffen gebiet ferkeard foarljochte hat.

Boppedat soe Bijman dyselde boeren tasizzings dien hawwe oer subsydzje dy't er net neikomme kin. De kolleezje- partijen PvdA, CDA en VVD stimden tsjin de moasje. In moasje fan wantrouwen is foar de Fryske polityk tige ûngewoan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)