Holland Casino nei Fryslân

© Omrop Fryslân
Ljouwert of It Hearrenfean krijt mooglik in festiging fan Holland Casino. Minister Donner fan Justysje hat dêr tastimming foar jûn. Wethâlder Van Mourik fan Ljouwert sjocht de komst fan in casino wol sitten. Fan It Hearrenfean is net bekend hoe't dy tinkt oer in casino yn de gemeente.
Holland Casino sil de kommende seis wike ûndersykje hokker gemeente it meast geskikt is foar in nije festiging.