Opnij diskusje Suderseespoar

16 des 2004 - 10:48

It rapport fan de kommisje Duivesteijn is fan grutte betsjutting foar de fierdere beslútfoarming oer it Suderseespoar. Dat seit deputearre Baas fan Fryslân yn in reaksje op it krekt ferskynde rapport oer grutte ynfrastrukturele projekten yn Nederlân.

De kommisje konkludearret dat de oanlis fan it Suderseespoar net fansels sprekt. De FNP pleitet dêrom nochris foar it net troch gean litten fan it projekt. Mar safier is Baas noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)