Alde oerbliuwsels by Aldehou

© Omrop Fryslân
Argeologen hawwe op it Aldehouster- tsjerkhôf fûneminten oantroffen fan de Sint Vitus tsjerke út de midsieuwen. Woansdei is in proefput útgroeven en dêrmei is in begjin makke mei it argeologysk ûndersyk by de Aldehou.
De gemeente bout in sân meter djippe parkearkelder op it plak dêr't it begjin fan de wenskiednis fan de stêd begroeven leit. De argeologyske wearde fan it terrein moat foar de bou feilich steld wurde.