Man ropt froulju op ta ûndersyk

© Omrop Fryslân
De GGD-Fryslân warskôget froulju út de omjouwing fan It Hearrenfan foar in falske oprop foar it boarstkanker- ûndersyk. Sy wurde belle troch in man dy't seit dat TPG-post in flater makke hat en dat de froulju sels har boarsten ûndersykje moatte. Ek seit er tsjin sommigen dat se in útstrykje meitsje litte moatte. Hy fertelt der by dat dit foar alle froulju boppe de 17 jier is.
De GGD freget de oanbelangjende minsken kontakt mei har húsarts op te nimmen.