René Douma ferlit Koornbeurs

© Omrop Fryslân
René Douma giet per 1 septimber 2005 fuort as direkteur by kultureel sintrum De Koornbeurs yn Frjentsjer. Neffens it bestjoer fan de Koornbeurs is Douma ta oan in nije útdaging en wol er him dêr op oriïntearje.
Douma wie sûnt 1997 yn tsjinst fan de Koornbeurs. It tal teaterfoarstellings gie yn dy perioade omheech fan 40 nei 100 yn 't jier. De ôfrûne simmer is it teater útwreide. De Koornbeurs is no it tredde teater fan Fryslân.