Streekferfier yn diskusje

© Omrop Fryslân
Hast de helte fan Provinsjale Steaten wol it noardlik streekferfier net automatysk útfiere litte troch ferfiersbedriuw Noordned. Under oaren de PvdA en de FNP hawwe dy miening.
Noordned fersoarget yn opdracht fan Fryslân en Grinslân it trein- en bus- ferfier. Fyrslân kin fan de oerienkomst ôf fanwege it mislearjen fan de ôfspraken oer in spoarweifiadukt by Frjentsjer. PvdA en FNP wolle no in nije iepen proseduere oer it ferfier.