Kranten nimme útjouwerij oer

© Omrop Fryslân
De oername fan útjouwerij Veen, Bosch en Keuning troch de Noordelijke Dagblad Combinatie (NDC), soe wolris de rêding wêze kinne fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden. Dat seit foarsitter Van der Noord fan de ûndernimmingsried fan NDC.
De NDC draait goed, mar de takomst is soarchlik. As der neat bart, is de kâns reëeel dat de kranten yn de takomst har selsstannigens ferlieze. De NDC moat sawat 150 miljoen euro betelje foar VBK.