Galama mei dochs yn kommisje

15 des 2004 - 12:36

Jan Galama fan Reduzum is tiisdei ynstallearre as kommisjelid. Dêrmei is in ein kommen oan in konflikt tusken Gemeentebelangen en de ried. Dy woe Galama 12 oktober net bename, om't neffens de fertrouwenskommisje sprake wie fan belangeferstringeling. Dat blykt net sa te wêzen.

In nije kommisje hat no syn fertrouwen wol útsprutsen. Der binne flaters yn de prosedueres makke en boargemaster Dykstra bea syn ûntskuldigings oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)