Aksje fan Loaiïngeasters

15 des 2004 - 09:43

Bewenners fan Loaiïngea stappe nei de rjochter. Se wolle de krusing op de N354 by Skearnegoutum wer iepen ha. De provinsje hat de krusing ôfsluten om foar te kommen dat fytsers der gebrûk fan meitsje. No moatte auto's út Loaiïngea oer it fytspaad en troch in fytstunnel om yn Snits te kommen.

Dat is neffens de bewenners te gefaarlik. De fytstunnel is te smel. In beswierskrift oan Deputeare Steaten is ôfwiisd. Dus stapt men nei de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)