Hearrenfean klear foar Beveren

15 des 2004 - 09:29

SC Hearrenfean is optimistysk oer de UEFA-cupwedstriid tsjin it Belgyske Beveren. Alle spilers binne fit. Oanfierder Arek Radomski en topskoarder Klaas Jan Huntelaar meitsje tongersdei yn it Abe Lenstrastadion har rentree.

It is de lêste wedstriid fan de klub fan Gertjan Verbeek yn groep G. Beveren is al útskeakele yn it toernoai. As de thúsploech wint, kin Hearrenfean ek nei de winter fierder mei it Europeeske aventuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)