Undernimmers stypje Cambuur

© Omrop Fryslân
Undernimmers yn Ljouwert binne begûn mei in bysûndere sponsoraksje foar Cambuur. Sy wolle sa de fuotbalklup in hert ûnder de rym stekke. Acht bedriuwen dogge mei oan de aksje.
By besteging fan in x-bedrach by ien fan de acht bedriuwen krijt de konsumint in seizoenkaart. Dêrmei krijt er fergees tagong ta alle thúswedstriden fan Cambuur foar de rest fan it seizoen.