Minder ferkeappunten fjoerwurk

© Omrop Fryslân
Tolve bedriuwen yn Fryslân dy't fjoerwurk ferkeapje wolle, krije dêr gjin tastimming foar. Se ha de fergunningen net op 'e tiid rûn. Bedriuwen ha faak te let wurk makke fan nije feilichheidseasken. Dy binne nedich yn ferbân mei it nije fjoerwurkbeslút.
Yn ferliking mei ferline jier binne dit jier twatredde ferkeappunten fan fjoerwurk minder. Fan dy 90 bedriuwen falle no nochris tolve ôf.