Sitplak yn taksy te hier

14 des 2004 - 17:08

It wurdt meikoarten mooglik om yn in taksy ien sitplak te hieren. It nije systeem hyt FlexiTax en wurdt troch njoggen bedriuwen yn Fryslân ynfierd. Ferskillende reizgers kinne sa tagelyk ferfierd wurde. Elkenien betellet foar syn eigen trajekt.

Oant no ta is it ferbean om yn in taksy allinnich in sitplak te ferhieren. Troch dit nije systeem besykje de taksybedriuwen de konkurrinsje mei it iepenbier ferfier better oan te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)