Arriva en fakbûnen prate wer

© Omrop Fryslân
Arriva en de fakbûnen prate wer mei elkoar. De partijen binne it ûniens oer de besunigingen dy't de ferfierder wol, om't der minder jild fan it Ryk komt. De fakbûnen wolle net dat fanwegen dy besunigingen minsken dien krije.
Ferline wike waard al staakt en dizze wike steane ek aksjes pland. Reizgers kinne woansdei en tongersdei fergees mei de bus. Arriva wol dy aksjes foarkomme en hat de bûnen dêrom útnoege foar in ynformeel petear.