Bou hierhuzen yn Achtkarspelen

14 des 2004 - 16:15

Yn ferskate doarpen yn Achtkarspelen komme hierhuzen. De wenningen komme op 'e Harkema, Droegeham en Stynsgea. In projektûntwikkeler is dat oerienkaam mei de Wenningbou Achtkarspelen en de Corporatieholding Friesland.

Yn de gemeente is in grutte fraach nei hierhuzen. Der is gjin kontingint foar de bou fan huzen. De inisjatyfnimmers tinke dat deputearre Andriesen wol ekstra kontingint beskikber stelt. Begjin 2006 moat de bou begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)