Alders stjoere bern út stellen

14 des 2004 - 10:56

Fjouwer Boalserters hawwe trije bern, wêrûnder har eigen, oanset ta stellerij en fernielerij. De sân belutsenen binne allegearre oanhâlden troch de plysje. De bern fan 14 oant 16 jier hawwe trije kear ynbrutsen yn it Marnekolleezje en tsien auto's kreake.

De folwoeksenen ferkochten de buiten fan 'e bern troch oan oaren. Fierder hat ien fan 'e âlders de jonges útlein hoe't se yn 'e auto's ynbrekke koene. De plysje is hjir bot fan skrokken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)