Nije metoade foar mokselsied

© Omrop Fryslân
It Sieuske bedriuw Prins en Dingemanse sil trije miljoen stekke yn in nije metoade om op it Waad mokselsied te winnen. De nije metoade is nedich omdat de fangst fan mokselsied fan 'e grûn ôf mar hiel beheind tastien wurdt.
It jild wurdt no stutsen yn in earste proef krekt boppe Den Helder. By de proef sil oar materiaal brûkt wurde en ek oare lokaasjes. It ministearje fan lânbou, natoer en fiskerij stipet de proef mei in heal miljoen euro.