Vlasveld 4de yn Langlaufmaraton

13 des 2004 - 17:37

Triatlete Marianne Vlasveld fan Reahel is dit wykein fjirde wurden by de Worldloppet Langlaufmaraton yn it Italiaanske Livigno. Vlasveld die ien oere, 48 minuten en 11 sekonden oer de race fan goed 42 kilometer.

De langlaufmaraton waard wûn troch de Italiaanske Lara Peyro. Foar Vlasveld wie de wedstriid foaral in tarieding op it kommende winntertriatlon-seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)