Soad fernielings yn Drachten

13 des 2004 - 17:23

It tal fernielings yn Smellingerlân is dit jier folle heger as de ôfrûne jierren. Dat skriuwt distriktssjef Dick de Boer fan 'e plysje Smellingerlân oan de gemeenteried fan dy gemeente. Wat hjirby opfalt is dat der dit jier ek bûten it sintrum fan Drachten in soad fernield wurdt. Yn augustus waarden op ien jûn wol sechtich auto's fernield.

De Boer ropt dêrom de minsken op om fuortendaliks de plysje te skiljen as se sjogge dat der fernield wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)