Fjoertoer Skier ûnbemanne

13 des 2004 - 16:55

De fjoertoer fan Skiermûntseach is sûnt oardel wike ûnbemanne fanwege in ûngelok mei kwik. Trije of fjouwer fjoertoerwachters ha bleat stien oan it skealike guod. In urine- en bloedanalyze moat útwize oft it kwik ek skea oanrjochte hat.

De lamp fan 'e fjoertoer lei oant koart lyn yn in soarte fan kwikbad. Dat kwikbad is koartlyn ferfongen troch in meganysk systeem en dêrby is wat mis gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)