Besunigings by de CHN

13 des 2004 - 15:41

De CHN, de Kristlike Hegeskoalle Nederlân yn Ljouwert moat de kommende twa jier trije miljoen euro besunigje. Dat bedrach komt oerien mei tsien prosint fan de totale ryksbydrage fan de skoalle. De CHN sil foaral besunigje op de hotelskoalle Wyswert en de oplieding Kreative Terapy.

Dêrneist wurde de kontrakten mei de tydlike wurknimmers foarearst net ferlingd. De CHN hat net safolle eigen jild mear troch de grutte nijbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)