'Huzebou sit op slot'

© Omrop Fryslân
De huzebou yn Fryslân sit hielendal op slot. Der is benammen in tekoart oan huzen foar starters en senioaren. Ek binne der net genôch levensloop- bestendige wenten. Neffens deputearre Andriesen binne der te folle huzebou- projekten dy't net op gong komme.
Andriesen fynt dat gemeenten en projektûntwikkelers sa gau mooglik om 'e tafel moatte om dy projekten wól wer op gong te krijen. Ek de provinsje kin dêr in rol yn spylje.